Anne Feddema

Taksonoom

logo.ensafh

 

 

Yn in dream
Socht ik nammen
Fan ’e skepping
Yn stam en sied
Under stjerren
Kâld en stiif
Yn in swarte tún
Olea europaea

Ik fûn:
It libben hast foarby
Myn eigen namme
Under oliven
Alde tsjûgen
Alde freonen
Sulvergriis

By it lemieren
Ken ik alle soarten
En mysels

It nije libben brekt út
Yn strieljend wite blossem… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (13): Pitertuerlike Direkteuren

logo.ensafh

De skrik sloech my om it hert doe’t ik de kop lies: ‘Tresoar hâldt op mei it skinken fan alkohoalyske dranken by publyksaktiviteiten’. Gjin wurd oer it wêrom fan dizze beslissing, mar ik kin it wol riede: it sil grif mei de hjoeddeiske demonisearring fan alkohol te krijen hawwe. Mar dan kin Kafee de Gouden Leeuw de doarren ek wol slute. Dat wie oars in moai inisjatyf, mar wat is no in kafee sûnder drank?

Of soe it klearebare jildbesparring wêze? Sa’n alkoholfergunning sil ek wol wat kostje. It soe hielendal yn it besunigingsbelied fan de nije direkteur fan Tresoar passe.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Doarkebelje

logo.ensafh

Hjir ha wy in klopper op ’e doar. Myn bettere helte is der net sa wiis mei, want hy heart de klopper net altyd. Ik fyn it prachtich en dêrom gean wy net oer op sa’n nijmoadrige, mei sa’n dingdong en noch slimmer, in kamera dy’t sjen lit wa’t der foar de doar stiet. Wy ha altyd noch ús keukensrút dêr’t we elkenien sjen kinne dy’t by de doar komt. Dat bringt wol mei dat wy net op de buertapp filmkes sjen litte kinne fan in jonge mei in pet op dy’t fertocht by de hûzen lâns rint. Sa as lêstendeis in tal minsken die.… Lês fierder

Piter Boersma

It iepen fjild 

logo.ensafh

 

 

 

Dit gedicht stiet yn de gedichtebondel In wjukslach tsjin ’e blauwe loft fan Piter Boersma. Dizze bondel komt yn septimber/oktober út by útjouwer Hispel.

 

It iepen fjild 

ienentweintich juny de langste dei
nei it iepen fjild ta by waverveen
foar tsienen foar de sinneûndergong
nei in dei mei wol sok skoan simmerwaar
lykwols de sinne net te sjen ferdwûn
achter in baan oranje wolkespul
it hindere my net noch safolle
jûnstilte in donkere reidseame
út ’e greide kaam it tsjuster al op
troch de sfear trille ik op ’e skonken
hie ik it simmerlân yn ’e noasters
wylst ik gewoanwei werklik neat mear rûk
ik fielde my ynienen sûn en jong
net alle dagen stie ik derby stil
it iepen fjild dat my it libben bringt… Lês fierder

Henk van der Veer

Klein drama

logo.ensafh

Earlek seid was ik der behoarlek beroerd fan toen ik foar ut earst bij kringloopwinkel L’Estafette in Sneek over de drempel stapte. Ik had un tweedehaans nieuwe burostoël noadech: ut ikoanise stoëltsje dat ik oait út ’e boedel fan Grand Café Onder de Linden rêden had, was nou tòch echt an ferfanging toe. De fearen waren derút sprongen en hadden diepe wonden in myn bloate rechterkút slagen.  

Toen myn Amsterdamse kleinseun fan 4 jaar de 3 bebloëde strepen sach, froech hij: “Wat heeft pake daar?” Ik fertelde um met sachte basstem dat un rôze krokodil mij gisteravend biten had. Hij loofde der niks fan, ut is un skraander jonkje.Lês fierder