Piet Paaltjens yn Foudgum, in sfearfolle ympresje fan Duo von Däniken.
Yn 1958 makke Christo – berne yn 1935 yn Bûlgarije – syn earste ynpakkeunst. [Hy hjit folslein: Cristo Vladimir Jaracheff.] Nei’t er yn Sofia, Praach en Wenen studearre hie, soe er nei New York ferfarre.
Mar earst kaam er – yn Parys – noch yn ’e kunde mei Yves Klein, fan de monogromen; mei Jean Tinguely fan de ratteljende en rammeljende, harsels opblazende masines; mei Arman, dy’t skearapparaten, gasmaskers ensfh. yn glêzen bakken sammele. Koartsein, mei keunstners, dy’t lykas Duchamp earder, net langer foar it each wurkje woene. It wie in stel keunstners dat bot de oandacht luts en der barden bysûndere, útwrydske dingen.… Lês fierder
Tsjinlûd is in kollektyf mei Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Remco Kuiper as dichters en Anne-Chris Bakker, Christiaan Kuitwaard en Romke Kleefstra as muzikanten. Dêrby hawwe ek Christiaan Kuitwaard, Elmar Kuiper, Romke Kleefstra en Anne-Chris Bakker grafysk wurk foar de foarmjouwing levere. Sa is it boekje Tsjinlûd in goede wjerspegeling fan it multydissiplinêre karakter dat sa eigen is oan it projekt.
Men ferwachtet dat de gedichten sa’t dy yn it boekje steane allegearre opnommen binne mei muzikale ymprovisaasje derefter. Dat is lykwols net it gefal. Net alle fersen yn it boekje binne opnommen en der steane mear fersen op de cd.… Lês fierder
It hûntsje wie efterbleaun by de keldersdoar en siet no oan ien stik troch te blaffen. ‘Ja hear… ik hear dy wol Bearke… âld kefferke,’ sei de man, dy’t ûnder yn ’e kelder oankaam wie. ‘Ik kom aanst wer by dy… it baaske moat earst wat wichtichs dwaan, dêr kinsto net by wêze te drokte meitsjen, miskien smytst noch wat stikken… no, dat kinne we net hawwe no?’ It hurde ljocht dat fan it keale lampke kaam, die him suver sear oan ’e eagen. Hy seach nei de buorden, lofts seis fan de grûn ôf, yn ’e midden, foar him, wer seis en rjochts fan him nochris seis, allegearre twa meter lang en sa’n tweintich sintimeter breed en hielendal fol steand mei wekflessen en wekpotten.… Lês fierder
I
De strjitte rint leech. It feest giet fierder
yn in pakhús op ’e hoeke. Hy lûkt
my mei, as wit er hiel goed wa’t er
yn ’e hûs hellet. Elkoar krekt moete
yn in frjemd dielde taal. In smelle trep
omheech. Kroanluchters yn in útwenne
boppeseal. Unbekenden tsjin it rút
sjogge net op út reek en drank. In feest
hjir blykber faker fierd. Hy wiist my
in lege stoel by it trepsgat en rint
noch lûder bearend nei it midden ta.
Dan sjoch ik har. Se hinget mei in freondin
djip achter yn ’e romte op in bank.
Se fingertutet ferheard, trochtrape moai
yn read katoen.… Lês fierder
Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw
De telefoan
It muoit my, deiboeklêzers, dat ik yn it foarige fragmint in ferkearde foarm keazen hie. It wie basearre op in mail dy’t ik fan Madelon Kiestra krigen hie. Ik woe it wat al te literêr meitsje tink. Oare kear pak ik de saak fan de Koffer wer op…
Tank foar jim persoanlike reaksjes, it giet goed mei my, ik haw, nei’t ik wat bekommen wie, deselde dei noch nei dokter west, en nije medisinen krigen.… Lês fierder
‘Skriuwen is foar my wol in wrakseling. Ik wol de latte foar mysels altyd wat heger lizze as wêr’t ik by kin.’
Lida Dykstra is op 16 july 1961 berne op It Hearrenfean en opgroeid yn Skarsterbrêge. Se die in oplieding ta museummeiwurkster yn Leien en studearre dêrnei keunstskiednis yn dat plak. Se makke yn 1986 har stúdzje ôf mei in skripsje oer Fryske ambachts- en folkskeunst. Lida gong mei har man werom nei Fryslân en krige in baan by de Stichting Monument van de Maand. Yn 1989 waard se konservator fan it Museum Joure. Nei de berte fan harren dochter yn 1992 pakte Lida de pinne op.… Lês fierder