Reinold van Oevering

De bêsten gean earst

logo.ensafh

Alle kearen as ik by de Fjouwersprong bin, moat ik tinke oan Herman, in jonge dy’t op de legere skoalle by my yn de klasse siet. Neam it in lyts trauma yn myn libben.
Herman wie yn alles foarlik. Sa herinnerje ik my dat wy ris mei in groepke fan in stik as wat jonges fan in jier as tsien op in sneontemiddei hinne en wer troch Skettens rûnen, wylst we lûd deksels fan âlde itenspannen tsjin inoar sloegen, as wienen we in fanfarekorps. Dy pannen hienen we trouwens fûn earne op in jiskepôle oan de Brúndyk.
Wat in lawaai wie dat, minsken, it wie in leven as in oardiel.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel ensafh 1 2015

logo.ensafh

Nij! – In nij jier, en ek dingen dy’t nij binne oan Ensafh. Wy jouwe elk papieren nûmer in tema mei, dêr’t in part fan de bydragen mei gearhinget. As earste tema hawwe wy ‘nij’ keazen, en in tal nije Fryske skriuwers útnoege om har dêrtroch ynspirearje te litten.

Lês hjir fierder (pdf)

Losse eksimplaren binne te keap by de Afûk-winkel yn Ljouwert, en te bestellen fia abonnementen@kok.nl. Foar €5,95 + € 1,95 ferstjoerkosten wurdt it nûmer dan by jo thús besoarge.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Hast sechtsjinjierrige achtbaanrit

logo.ensafh

Besprek Femke Faalt fan Ate Grypstra

Ate Grypstra (1973) nimt de lêzer mei Femke Faalt (syn alfde boek al!) mei op in wiere achtbaanrit dy’t hieltiten trochdinderet en almar spannende en mâle draaiïngs makket.
Heftich! En oan dat debút (Hftch, 2008) docht my dit boek sa út en troch tinken. Mei oare wurden in flot, by-de-tiidsk en spannend e-boek. De skriuwer hat blykber in fassinaasje foar it morbide en grouwélige, want dy eleminten sitte njonken It Beest fan de Westereen (2011) – dêr’t boppedat yn Femke Faalt op in aardige wize nei ferwiisd wurdt – en Grutte Pier – Krús fan de Hollanner (2012) ek yn Femke Faalt befrissele.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

De maaitiid / Der Frühling

logo.ensafh

De maaitiid

De minske lit syn soargen út ’e holle,
De maaitiid ommers bloeit, en prachtich is safolle,
It griene fjild sa skoander him ferwidet,
Dêr’t glânzjend moai de beek derhinneglidet.

De bergen steane fol mei beammekloften,
En skoander rûkt it ûnder romme loften,
De wide delte yn de wrâld him wreide.
Tsjin heuvels binne toer en hûs bebreide.

Oersetting: Piter Boersma

Der Frühling

Der Mensch vergißt die Sorgen aus dem Geiste,
Der Frühling aber blüht, und prächtig ist das meiste,
Das grüne Feld ist herrlich augebreidet,
Da glänzend schön der Bach hinuntergleidet.

Die Berge stehn bedecket mit den Bäumen,
Und herrlich ist die Luft in offnen Räumen,
Das weite Tal ist in den Welt gedehnet
Und Turm und Haus an Hügeln angelehnet.… Lês fierder

André Looijenga

Boeken dy’t lizzen bliuwe: János Vitéz

logo.ensafh

It reinde yn Boedapest, de jûn fan tongersdei 2 oktober 2014. Ik liet myn reisgenoat, ôfmêde troch de nachtlike rit nei in betiid fleantúch út Eindhoven wei, efter yn de hotelkeamer en makke in kuier troch de stêd. It wiete Hősök tere (Heldenplein) hie ik foar my allinne. Brûnzen keningen stiene wichtich te wêzen yn in heale sirkel om de reuseftige tinksuil hinne. Op de sokkel dêrfan sân mytyske Magyarefoarsten yn brûns te pearde, snuvend út holle noasters as wiene it ringgeasten fan Tolkien. It reinde troch en ik plaske nei de bushalte werom.

Mei besleine ruten ried de stedsbus oer de nommele Andrássy út.… Lês fierder

Jannie Roodhof

De strânljip

logo.ensafh

Prústich stiet er dêr yn syn swart mei wite fearrepak: de strânljip. De ranke poaten yn it skulpesân, klear om fuort te stappen. Mar dat slagget spitigergenôch net mear, want hy is kroandea. Se lêst it buordsje op de fitrine lûdop: de Kening fan de Greiden. Lieuwe, njonken har, skoddet lytsachtsjend syn keale plasse: ‘Werris mis Lys, do moatst in trime heger sjen. Dat is hjoed hjirre de wichtichste fûgel. Dêrfoar binne wy hjir kaam. Foar de eksposysje oer de skries. De grutto! De skries!! Net de strânljip. Do moatst ris wat better oplette as ik dy wat fertel.’

Fan argewaasje draait se de fitrine en har man de rêch ta.… Lês fierder