Martsje de Jong

Tink om dyn sinten

logo.ensafh

Ein oktober wurdt tradisjoneel de Quote 500 bekendmakke, de jierlikse list fan de 500 rykste skevels fan Nederlân. Wa tommele derút, wa kaam der nij yn, wa klom heger en wa hie yn 2023 eins de measte sinten fan allegear? In list dy’t my altyd nijsgjirrich makket, mar de teannen ek krom yn ’e skuon set. Want, wat moat in minske yn ’e goedichheid mei sa’n soad jild?

De konklúzje fan de nije list wie tryst. Ek al wie 2023 ekonomysk sjoen in net al te bêst jier foar de measte Nederlanners – de ynflaasje wie heech, de enerzjy net te beteljen en de boadskippen suver ek net – de fermogens fan de alderryksten brutsen wer alle rekôrs.… Lês fierder

Pier Boorsma

fergonklikheid

logo.ensafh

 

 

ynienen yn ‘e modus
fan de fergonklikheid
ik hie der weet fan
ommers alles is fergonklik
mar myn eigen fergonklikheid
stiet fier fan mij ôf
hoe moat ik mij hâlde en drage?
moat ik de minsken
earnstich yn ‘e mjitte komme?
moat ik ienlik gûle yn ‘e nacht?
it oerfalt mij
ik haw der gjin antwurd op
moarns wurd ik wekker
en tink
is it wier
dat minsken stjerre
bestiet de dea werklik?
yn hokker wrâld bin ik bedarre?
miljoenen minsken
hawwe foar mij it trajekt nei de dea ôflein
dan moat ik it dochs
ek kinne?
mar ik wol net dea
ik wol libje
libje as in hert… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (10): Obe 2.0

logo.ensafh

 

 

De Gysbert Japicxseal fan Tresoar siet sawat fol op tongersdei 17-10-2024: hast allegear grize koppen, dêrûnder dy fan mysels. It publyk wie yn ôfwachting fan Goffe Jensma syn lunchlêzing oer ‘De Obe fan no’.

De oankundiging op de site fan Tresoar begûn sa:

De wichtichste moderne dichter fan Fryslân, Obe Postma (1867-1963), hat lang libbe. Foar in part wie er in 19de-iuwer, foar in oar part hearde er ta de 20ste iuw. Mar hoe soe de Obe Postma fan ús tiid derút sjoen hawwe? Hoe soe er him ferhâlde ta de einleas groeiende meartaligens fan de 21ste iuw? En de komst fan de digitalisearring en fan sosjale media, dy’t oer hieltyd gruttere ôfstannen minsken mei-inoar ferbine wolle?Lês fierder

Piter Boersma

ivich betinken

logo.ensafh

 

 

 

as ik in grut hûs in filla in bûtenpleats
in kastiel in paleis sjoch of myn eigen hûs
in rjocht en sljocht hoekhûs fjouwer ûnder ien kap
tink ik altyd wêrom moat in mins grut wenje
wêrom sa’n soad romte as eigen ynnimme
net dat ik net genietsje fan dy bouwurken
en fan al it komfort dêr’t ik sels oer beskik
mar wat by myn wêzen heart is in lyts tintsje
yn myn hûs libje ik noflik en ûngemaklik
oan ien wei pleage troch dat dûbele gefoel
dêrom sloegen de folgjende rigels fan butcho
de japanske berchklûzener sa by my yn
sels in hut fan mar oardel fjouwerkante meter
bou ik tsjin ’t sin as it no ris net reine soe… Lês fierder

Giny Bastiaans

Titus Brandsma en it Frysk yn tsjerke

logo.ensafh

As bern hie ik nuvere keunsten. Op sneintemoarn gie ik mei heit en mem nei tsjerke yn Boalsert. Heit nei de manljuskant, mem mei my nei de frouljuskant. Dat wie doe noch wol normaal. Oars as oars wie dat ik altyd ûnder de preek nei it húske ta moast. Us mem sei moarns: ‘Hast wol nei it húske ta west, foar do witst wol?’ Dat koe mem wol wolle, dat ik dat dien hie, mar dan wie er noch net ryp fansels.

Mar ja, as de preek begûn, dan wie it safier, dan moast ik. Ik luts mem skruten oan de mouwe en dan wist se wol hoe let at it wie.… Lês fierder