Anneke van Renssen

Montpellier

logo.ensafh

Wy binne yn it gelokkige besit fan in kemperke. Net sa grut, krapoan seis meter mar mei alles derop en deroan. It iennige wat ûntbrekt is in dûs. Dat dogge wy wol op in kemping en oars mar net, want wy sykje trochgeans dochs de rimboe op en nimmen dy’t ús dan rûkt.
Mar no woe Willem nei Montpellier, om te sjen oft der ek in stânbyld of sa van August Comte wie, ien fan de grûnlizzers fan de sosjology. Boppedat moast Montpellier in moaie âlde stêd wêze. Willem bestudearre de plattegrûn fan de binnenstêd en kaam ta de konklúzje dat it in fluitsje fan in sint wêze soe, wis mei help fan Tante Betje, ús TomTom.… Lês fierder

Pier Paolo Pasolini, André Looijenga

Pier Paolo Pasolini – David (fiif kear)

logo.ensafh

Pasolini (1922-1975) skreau yn syn jeugd, yn en nei de oarloch, yn it Furlan, de Noardeast-Italjaanske streektaal fan syn mem. Yn 1954 brocht hy in bondel út fan syn Furlan poëzij, La meglio gioventù (De bettere jeugd). Dêryn stiet it ûndersteande fers yn it earste skift, ‘Poesie a Casarsa (1941-1943)’. Faaks jouwe dy jiertallen it momint fan ûnstean fan dit fers oan.

David

Hingjend tsjin’e put, earme jonge,
draaisto nei my dyn leave holle
mei in fette glim yn ’e eagen.

Do bist, David, lykas in bolle op in dei yn april
dy’t yn ’e hannen fan in bern dat laket
swietwei rint nei de dea.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

No is it bytiden sa dat elke keutel dy’t lein wurdt fuortdaliks kard wurdt. Hat er de goede lingte en dikte. Is de tekstuer en struktuer goed, net te hurd, mar foaral net te sêft (bah!). En fansels, it wichtichste mei in keutel, hoe is de geur.
Yn alle lytse herntsjes fan ’t ynternet wurdt wol in keutel lein. As dat no op in ferneamd bloch is of as it mar in neatsizzend persoan op Twitter of Facebook (bestiet Hyves noch?) is. Der is altyd wol ien dy’t mient reagearje te moatten op sa’n leine keutel. Dat is ek krekt de bedoeling fan de sosjale media en krekt de bedoeling fan ’e minsken dy’t der op sitte en dingen poste.… Lês fierder

André Looijenga

Kulturele Haadstêd: it echte ferhaal

logo.ensafh

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… Ris in kear? As European Capital of Culture binne jo fersekere fan in desennium lang Europa-wide exposure. Ljouwert en Fryslân wurde sa einlings wer yntekene op de mentale kaart fan Europa!

Fearten, kanalen en grêften kronkelje har in wei, út alle hoeken fan Fryslân, de stêd Ljouwert yn. De ien sjocht faaks earder de brêgen dy’t simmerdeis hieltyd iepen stean, mar dizze wetterwegen binne tagelyk ieren dy’t stêd en plattelân ferbine.… Lês fierder