Jan Kooistra

Wolken

logo.ensafh

se bleau ynienen stean
en ûnderbruts myn wurden
pakte mei har hân myn earm
en wiisde wite hingelwolken oan
sei: wat in skientme net?

mar ik tocht
wylst ik nei dy loften seach
och dy wolken helje ‘t net
by de skientme dy’t ik yn
har eagen sjoch… Lês fierder

Piter Boersma

Beswarringsformule en tekstwûnder

logo.ensafh

Wêr sit it triedsje om te folgjen as men by de kearn fan Elmar Kuiper syn bondel Granytglimkes komme wol? Sjoch side 9:

ik krij in hân beet

knip de neilen fan myn deade heit

ik kom yn it libben

Sjoch side 31:

as in bidsprinkhoanne hapt yn ’e klaai
meditearje ik de knibbels stikken

liebherr

dit lân is myn lân
dêr’t ik de tonge lis op stielen ekers
en slyn fan it boerelulleljocht

genês my

as ik myn grûn ûntmantelje
it gers losskoef

Sjoch side 61:

adam triuwt in fertrietwin
nei it eachein

eva dolt in farske kûle

De nacht smyt modder oer de grutte
freet fan de mienskip

o tútsje my

Fan it gedicht ‘achte lêzer’ op s.… Lês fierder

Jelma Knol

Earbetoan oan Montserrat Figueras

logo.ensafh

Wat my hieltyd faker oerkomt nei gelang’t ik âlder wurd: ik tink oan in man of frou, praat oer him of har en in wike of wat letter stiet ynienen yn de krante dat hy of sy ferstoarn is. Ferline wike oerkaam my dat mei Montserrat Figueras, de grutte Spaanske sjongeres fan de âlde muzyk, frou fan Jordi Savall.
Sybe Krol makke my oait hiel nijsgjirrich nei de midsieuske en renessânse muzyk fan Spanje. Hy hie in kollekje lp’s mei oargelmuzyk út dy tiid. Ik wie driftich op ’e siik nei in frouljusstim. Ik hie nammentlik in fragmint fan in film sjoen oer de Spaanske Ynkwisysje.… Lês fierder

Piter Boersma

Skriuwers oan it wurd op Skriuwerswykein

logo.ensafh

Op 5 novimber 2011 waard yn Riis yn Hotel Gaasterlân in Skriuwersbounwykein hâlden. Seis skriuwers wiene útnoege om wat oer harren skriuwerij te sizzen mei as tema ‘Ynhâld en ynspriraasje’. Trije – Greet Andringa, Hein Jaap Hilarides en Margryt Poortstra – hawwe wat se dêr sein ha sels op skrift steld. Fan wat de oare trije – Hidde Boersma, Koos Tiemersma en Akky van der Veer – nei foaren brocht ha (en de neipetearen) is troch Teake Oppewal fan Tresoar in ferslach opmakke (ek it neipetear by it stik fan Hein Jaap Hilarides). Alle seis stikken binne foar pleatsing op dizze ôflevering fan Ensafh beskikber steld.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Wat is it dat je as skriuwer skriuwe? Hawwe je in boadskip dat je yn in moaie foarm getten oan ’e wrâld fertelle wolle? Of wolle je graach wat oandacht hawwe, in beskieden bekendheid opbouwe sadat je ego opkrikt wurdt?

En wannear’t je dan wat skreaun hawwe dat de wrâld yngiet en omtinken kriget, hoopje je dan dat de ferkeap fan jins boeken omheechgean sil, of fine je dat allinnich mar moai om jins earder neamde ego op te krikken? Dat je jesels yn ’e krante stean sjogge, is leuk en dat je (werris) filme wurde ek, mar it giet dochs om it skreaune, tinkt my.… Lês fierder