In control freak bin ik neffens my net, ha ik ek nea west. Dan binne der wol oaren. Ik regelje meastentiids gjin dingen wiken, moannen of sels jierren yn it foar. Ik sjoch wol hoe’t it komt. Maarten ’t Hart hat eartiids ‘Het roer kan nog zesmaal om’ skreaun. En sa tink ik der ek oer. Mar sa no en dan wit ik dochs wol graach wêr’t ik oan ta bin of hoe’t saken der op it stuit krekt foar steane. As ik in eintsje om wol, te draven of te kuierjen, sjoch ik earst even op it buie-alarm om te sjen oft it no kin of dat letter op ‘e dei faaks in better plan is.… Lês fierder

