opkrolle op skoat
de leafste reade boarre –
fiif kilo waarmte… Lês fierder
It seizoen mei de measte ferskillende soarten jokte is fansels de simmer. It waar en ferskate oare amper te beynfloedzjen omstannichheden binne presys sa ôfsteld dat der hast net oan prikeljen, kideljen, kribeljen en jokjen te ûntkommen falt. It prykjen fan de felle, hite sinne yn ’e eagen en op ’e hûd, en ast der net om tinkst dan ferbaarnst en wurdt it prykjen stekken en gloeien en úteinlik it rûgeljende kideljen fan ferfeljend fel. It biten fan swit en sâlt seewetter, of krekt it gloarwetter fan it swimbad dat eins foar ferkuolling soargje moat. It strânsân dat dagen letter noch op plakken kribelet en skjirret dêr’tst dy fan ôffregest hoe’t it dêr kommen is.… Lês fierder
In tryst lietsje fan Duo von Däniken: ‘Ik stopje mei de Fryske literatuer’.
Feiko Radsma begeliedt it Duo op it Müller-oargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.
Klik op ‘e foto foar de muzyk:
Sûnt novimber 2019 is Ljouwert City of Literature, in titel takend troch de Unesco. Wy binne no hast fjouwer jier fierder. Wat hat dizze beneaming eins opbrocht?
Litte wy ris saaklik úteinsette: Ljouwert City of Literature (tenei CoL) hat in jierbudzjet fan 400.000 euro, hast in heal miljoen dus. Dat is mienskipsjild, en sil foar in wichtich part bestean út leankosten foar de meiwurkers.
CoL is de opfolger fan Lân fan taal, it projekt dat him, ûnder lieding fan Siart Smit, net al te bot bekroade hat om de Fryske taal en literatuer.
Ik rin eefkes in pear projekten del:
It literatuerbankje.… Lês fierder
Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder