Ofrûne wike ferskynde yn it Friesch Dagblad in kollum fan Jaap Krol oer de positive saken yn de Fryske literatuer fan hjoed-de-dei. De titel fan it stik wie ‘Fryske Boekewike’. Hy reflektearre wat op ’e jierren sechstich en santich, doe’t in stikmannich ‘angry young men’ (net syn wurden) de Fryske skriuwerswrâld opskodde mei eksperimintele romans. Lês: mear en eksplisitere seks, alternative stavering, l’art pour l’art om it mar yn trije wurden gear te fetsjen.
Literatuer hie doe gâns mear gesach as no, sei Krol, mar gelokkich wie der no ek genôch moais en hy neamde ûnder mear de Gysbert Japicxpriis foar Spegel en Sonde fan Jetske Bilker – in boek oer alzheimer –, it ferskinen fan de humoristyske nije ferhalebondel fan Sipke de Schiffart en it kadoboek Hiltje yn Pella fan Anita Terpstra.… Lês fierder
