… Lês fierder Fleurich nei de barebysjes
Juster lies ik yn The Guardian quotes fan hûndert minsken fan 100+ jier oer harren ‘geheim’ om sa âld te wurden: ‘to reach the triple digits’. Sei in Yvonne Old (what’s in a name): ‘In the war years I worked as a teacher. One of the staff told me: “Remember, plenty of laughter, but no shouting.” And do you know, he was right? Very good advice.’ Dat kaam my bekend foar.
It hat my in kertier koste mar ik ha it regiosuffertsje ûnder út de papierkontener opdjippe. Sei in hûndertjierrige Tineke Zwetsloot lêstendeis: ‘Yn ’41 kaam ik yn Leien te wurkjen op in legere skoalle.… Lês fierder
Ds. Ype Schaaf sjongt: Een kopje thee
Kenne jo dûmny Ype Schaaf noch? Dat sil grif jilde foar de wat âldere lêzers/harkers op dit plak.
Okkerdeis kaam in opname foar it ljocht, mei Ype Schaaf as sjonger. De datum fan it audio-fragmint ‘Een kopje thee’ is net bekend. Schaaf wurdt begelaat troch Nynke Schotanus op gitaar en leden fan it Frysk Orkest.
Klik hjir foar dit moaie lietsje.… Lês fierder
Mear Vermeer ferneare?
Ein 2019 of begjin 2020, noch foar alle Koroana-ellinde, besocht ik de tentoanstelling Rembrandt – Velázquez yn it Ryksmuseum. It wie in prachtútstalling mei wurk fan ’e grutte skildershelden út ’e kanon fan ’e westerske skilderkeunst. Alsa net allinne Rembrandt en Velázquez, mar ek: Zurbarán, Murillo, Ribera … Frans Hals, Adriaen Coorte en … dêr is er … Johannes Vermeer. De tentoanstelling wie te sjen yn ’e ‘Philipsvleugel’ fan it Ryjks, dat is in diel los fan ’e oare sealen fan it museum.
Wa fan jimme wolris yn it Ryks west hat, wit faaks hoe’t de skilderijen fan ferneamde skilders út ’e 17e iuw dêr ophongen binne.… Lês fierder
POËZIJ POËZIJ POËZIJ
Der foel in lyts pakje yn de bus … okkerdeis.
Dêryn sieten trije A-fjouwerkes en in kassettebantsje*.
Ien A-fjouwerke mei in ferklearring, in deklamaasje suver en
op de oare twa fellen it gedicht ‘Doch-it Sels Poëtiside Deadsberjocht’ en in Ingelske oersetting dêrfan.
De stjoerder en de skriuwer fan dit alles hyt fan Bert de Vries, de man fan it prachtich by Hipsel útjûne boek ‘Eigentrieds’; in samling yn it Frysk oersette Outlaw- en beatgedichten fan û.o. Alan Ginsberg, Walt Whitman, Patti Smith en Eileen Myles. (Moai woke yn lykwicht, no.) En noch folle mear prachtdichters.
‘Eigentrieds’ kin sjoen wurde as Fryslâns eigen Bibel oer Outlaw Poëzij. … Lês fierder
It frije wurd?
Eins hie ik der net oer skriuwe wold. Der wie al te folle oer skreaun en sein. Elk hie der fan syn as har eigen kant oerhinne miigd. Lykas mei alles tsjintwurdich wie de wrâld ferdield yn twa kampen dy’t inoar om it fûlst bestrieden. En ja hear, it duorre net lang, of dejingen dy’t ‘foar’ wiene waarden útmakke foar oergefoelige, linkse woke-lju, doochnoazen en mear fan soks. De tsjinpartij waard, alhiel neffens de jildende moares, útmakke foar wappy, antyfakser, rjochts-ekstremist, FVD’er – dat is sûnt maart 2020 ek in skelwurd – en uteraard ek foar Poetin-versteher. Ik betink dit net, wie it mar sa’n feest.… Lês fierder
Noch sa jong en dom
Der kamen twa jonge froulju de kûpee yn stampen. In lange blonde en in koarte readhierrige. De iene noch moaier as de oare. Gibeljend joegen se har del, twa stuollen links efter my. Se leine de fuotten op ’e stoel foar har. De blonde drapearre har skonken oer dy fan de lytse. Gesellich.
Noch foar’t de trein ôfstuts waard dúdlik wêr’t de froulju it oer ha woene: oer manlju. De moaiste hie ek noch in heldere en frij lûde stimme. Se soe grif yn in band sjonge kinne. It hold wol yn dat de heale kûpee meigenietsje koe fan wat de froulju allegear belibben.… Lês fierder
