Duo von Däniken hat efkes pypskoft. Jou jo ek mar noflik del.
Duo von Däniken hat efkes pypskoft. Jou jo ek mar noflik del.
Lêzing Janneke Spoelstra
CFH septimber 2022
Wêr bliuwe de froulju?
Dat haw ik my faak ôffrege as ik siet te kopijlêzen foar Ensafh, it iene fers of ferhaal nei it oare fan manlju, en inkeld ris in bydrage fan in frouminske dêrtuskentroch. Ik haw it ek wol tocht op dichtersjûnen, as ik de line-up seach.
De titel fan dizze lêzing slacht dan ek op ’e froulju dy’t der al en dy’t der net binne yn ’e Fryske literatuer.

1 Yntroduksje
Dizze lêzing giet oer it ynterviewprojekt, dêr’t ik yn maart mei úteinset bin. Yn ’e Redaksje Literêre Rigen bestie al in moai skoft de winsk om in update te meitsjen fan Jelma Knol har essay ‘út syn aerd wei froulik’ , de Fryske dichteressen en it misferstân (1993).… Lês fierder
Yn in petear mei Gitte Brugman yn de LC 21-10-2022 seit Jochum Hamstra dat er no dwaande is mei skilderijen mei in lânskiplik útgongspunt.
Dêr wachtsje ik op. Iderien dy’t fan earlike, treflike skilderkeunst hâldt moat ûnderwilens Hamstra syn nijste útstallingen sjen. Jochem is gewoanwei ien fan ’e grutste Fryske skildertalinten fan ’e lêste fyftich jier.
Wêr is Hamstra te sjen? Museum Belvédère Hearrefean oant en mei 29 jannewaris 2023 en yn Galerie Alta Bosca op ’e Gerdyk oant en mei 4 desimber.
As jim de wurken fan Jochum Hamstra yn it echt sjoen hawwe, soene jim dizze skôging mei myn kommintaar by guon skilderijen lêze kinne.… Lês fierder
Ik moast etiketten ha foar myn fotomappen. Mar dy koe ik net fine yn de mega grutte boekwinkel dêr’t je eartiids in bibleteek yn ha koenen.
De boekwinkel yn myn jeugd wie in lyts skiterich winkeltsje, mar se hiene dêr wol etiketten. Ja, wat hiene se dêr net? Koesty de kont der hast net keare, mar álles wie der dêr’t je doe ferlet fan hienen.
BIC balpennen, potleaden, vulpennen, blauwe, swarte, sels reade inket, puntsjeslipers, gumkes, kleurpotleaden, nytsjes, ilastykjes, lym. Tekenboeken, kleurboeken. Carbonpapier. En noch folle mear.
Boeken fansels en planken fol kleurige berneboeken.
Dat is itselde bleaun.
Hoe hjitte dy ferlegen man yn dat winkeltsje ek al wer?… Lês fierder
Wat is dat dochs mei dy reklameburo’s fan hjoed-de-dei? Jumbo’s kreativen sjitte in grouwelige bok mei as bouwarbeiders ferklaaide oranjefans op in bousteiger. Hossende BN’ers en oare figuranten dûnsje der op om en ha blykber nea fan Qatar en de narichheid dêr heard. Of it lit har planút ûnferskillich. Jan Smit, Frank Lammers, rapper Donnie, De Toppers, it Jumbo-Visma ridersteam (mei Jutta en Jorrit), ha dy net oanfield dat sa’n fertoaning op ‘e bou net yn heak is? Binne dy sa ûnnoazel? No ja fan ‘e Toppers kin ik my der noch wat by yntinke, mar dy oaren… Ik woe se wizer ha.… Lês fierder
In jier of seis lyn, op de dei dat ik definityf ôfsward waard as in ta leanslaaf makke baasbegeunstiger, siet ik jûns by myn ôfskiedsmiel njonken de frou fan ien fan myn âldkollega’s. Ik wist fan har bestean, koe har namme en skiednis, mar hie har noch nea troffen. Wylst op in bepaald momint alle oaren oan tafel sieten te harkjen nei de pias fan ús selskip dy’t aardich wat moppen op it kantsje ôf te ferkundigjen hie, sieten wy súntsjes te praten oer Iran en wêrom’t sy, delbûke fan tweintich jier besikings, úteinlik har lân út flechtsje moast. Se koe net oars.… Lês fierder