… Lês fierder Deade bisten
Okkerdeis lies ik yn ’e krante in stik oer minsken,dy’t, útkocht, nijbou ensfh., harren wente út moasten. Ien fan har fertelde dat der yn ’e tún fan it hûs ferskate bisten begroeven leine, in kat, hûn, goudfisk, en dat dat faaks noch wol it slimste fan de hiele saak wie. Doe moast ik tinke oan alle bisten, dy’t oant no ta, yn myn libben in rol spile hawwe en wêr’t hja bleaun binne. Bedobbe yn myn hert en ûnthâld.
Yn myn jeugd wie dêr de wite boarre ‘Tommie’ dy by eintsjebeslút wol in jier as achttjin wurden is. Op in stuit wie er in hiel skoft fuort, wy tochten dat wy him nea wer sjen soenen mar op in dei wie er der hookstrooks wer.… Lês fierder
mûzen
bin ik fan de minsken ôf
sitte der mûzen yn myn bêd
froulju geane by mûzen
op in stoel stean
bang at se binne
dat de mûzen trochkringe
yn har geheime iepening
ik slút al myn yn- en útgongen ôf
dochs hawwe de mûzen
de hûd om myn ears hinne
oanfretten
de dokter seit
-hawwe jo homoseksuele kontakten ?
leare se dat ek al
oan dy netsjese fakulteit?
ik moat eksperimentearje
as ik it ljocht
de hiele nacht oanlit
it binne by einsluten
nachtbisten
as se in rotteferstân hiene
soe ik se ôfrjochtsje kinne
de miljeutsjinst konkludearret
de mûzen ite by de buorlju
en komme by my
foar de ferdivedaasje
ik fyn it allegear bêst
as ik mar net
mei hoech te dwaan… Lês fierder
Under eigen eagen
Myn tinzen weromhelje, wurden meitsje. Trije saken dy’t der ta diene. Ien: der wie dat hûs, lang lyn, in hûs mei keamers sûnder siel. Twa: dat wy stil praten binne. Te lang al, ús swijen duorret sûnder ein. Trije: it behaachlik begryp dat alles mei-inoar ferbûn is. Sa moat it wêze, hat mei útwikseling fan enerzjy te meitsjen. Op elk mooglik nivo. Hoe kin ik dêrfan witte?
Keamers sûnder boeken, sa wie it. Yn it hiele hûs net in boek of idee, gjin oantinken of prakkesaasje te bekennen. Keal en kâld. Nee, net keal. Prachtich spul, djoer spul, treflik en mei smaak ynrjochte.… Lês fierder
cancel culture
in pear jier lyn
fûnen wy it grappich
ús kitten
Poetin te neamen
de namme paste by him,
it wie in lytse mar krigele boarre
en Poetin bekte lekker
by it roppen
in geskikte namme foar in kat,
tochten wy yn ús naïviteit
it wie in prachtbist
en wy wienen hiel wiis mei him,
mar op tongersdei 24 febrewaris 2022
seagen wy ús spitigernôch needsake
him nei it asyl te bringen… Lês fierder
Klaas Looper: Petear mei Berber Chantal Folkertsma
Klaas Looper (broer fan Bert) hie in oangripend en spannend petear mei Berber Chantal, oer har nije dichtbondel.
Klip op de tekening fan Klaas Looper foar it petear.
Hofkesjonge
Sa bliid as in protter stoarmt er ús temjitte en fljocht ús yn ’e earms. It is in pear wike ferlyn dat wy elkoar foar it lêst sjoen ha. Hy soe al op bêd en wy komme him eins wat oer it mad. Mar nei’t wy elkoar even bêst oankrûpt hiene joech er him bjusterbaarlik gau del.
De oare moarns is er der alwer betiid by, foar it moarnsiten hat er al fan alles by de ein hân: hy hat kofje setten, in panfol hjouwermout makke, de ûne fol mei taartsjes treaun en doe moast der ek noch klaai-pizza komme. Alle hannelingen wurde troch himsels sekuer fan kommentaar foarsjoen.… Lês fierder

