Lomme Schokker

Yntimens en ferfrjemding

logo.ensafh

Op de kop ôf in jier lyn siet ik jûns om healwei tsienen al in trije kertier as iennige yn Kafee Titus op ’e hoeke tsjinoer it âld kleaster midden tusken de gloaiïngs fan it Súd-Limboarchsk lânskip oan de taap mei T. te redendielen oer ûnder mear de mannichfâldige fertsjinsten fan de bruorren Anker dy’t blykber gauris yn dizze omkriten bivakkearren, doe’t der dochs noch twa oare gasten troch de doar waaiden.
De âldste hie in sturt yn ’t hier en in fealblau spikerjaske oan, de jongste in fierstente romme kolbert mei de kleur fan te faak reinige silysalpeter. Oars bin ik mei myn behyplik kleurûnderskiedingsfermogen net sa wei fan kleuren en alhiel net dy fan klean, mar T.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Yn it museum

logo.ensafh

No’t ik wer in museumkaart ha, en twa berntsjes, sjoch ik no en dan in museum fan binnen. It sil in jier of tsien lyn wêze dat ik foar it lêst in museumkaart hie. Wol wurke ik noch in hoartsje yn in biermuseum, mar dat wie in âlderwetsk museum, mei ynformaaasje en in gronology en fan dy dingen. Wat ik tsjintwurdich yn museums sjoch is hiel wat oars.

Yn ’e trein nei it Spoarweimuseum hie myn âldste soan it hieltiten oer it ‘Stoomtreinmuseum’. Dat koe wol wier wêze, dat we nei in museum oer stoomlokomotiven ûnderweis wiene, dat de oare lju yn ús treintsje begriepen him wol.… Lês fierder

Anne Feddema

Kertier

logo.ensafh

 

 

It is in kertier
Foar de oarloch
Zeno tinkt:
De helte fan in kertier
Dêr wer in kwart fan
Dêr in achtste fan
Dan in sechtjinde
Dan in twaentritichste
Ensafuorthinne….
Dan wurdt it
Nea oarloch

Dat hie er moai betocht
Yn dat kertier
Foar de oarloch

Dat kertier
Dat no foarby is

It is oarloch.… Lês fierder

Henk Nijp

Errors

logo.ensafh

Error 404, of faaks ‘fout tijdens verzenden, 0x800CCC78’, hoe faak soe frou Biesheuvel-Vermeijden dy meidielings op har byldskerm foar har noas krigen ha. Of soe se nei twa kear tocht ha ‘ach, lit ek mar ..’? Jaqueline Biesheuvel-Vermeijden hat al in moai skoft de funksje fan ‘ûnôfhinklik adviseur yntegriteit foar leden fan de Twadde Keamer’. Om krekt te wêzen sûnt 1 jannewaris 2020. Dus al rom twa jier. Yn al dy tiid hat it bêste minske mei mar ien (1) inkelde fraksje kontakt hân. Yntegriteit is dochs wol in ûnderwerp fan gewicht yn ús parlemint soe men sizze, genôch akkefytsjes ha sa út en troch de krante helle.… Lês fierder

Lomme Schokker

Fluesketin en blauprinte leafde

logo.ensafh

Oranjewâld, Friesland/Holland, sneon 28-06-1969. Dear-dearder Deborah, dearest penpal,
Nee, wie werklik net dronken yn myn lêste brief, hie gewoan it maitydsmerakeljen = springgiddyness yn myn boppeste brein. Bin in bytsje gek, dat witst dochs? De wrâld is in skoutoaniel, my dear, dêr ha ik sa myn eigen partsje yn te spyljen. Ha dat net fan mysels: Shakespeare. Dyn brief kaam fan ’e moarn oan om 09:17 en hat der wer te lang oer dien… Kinst oare kear please-please rapper weromskriuwe? Top datst triple-A hiest op dyn skei-natuer-wiskunde eksamens! Dus do dêr yn New Jersey hast al summerbreak, wylst wy hjir skoaltechnysk besjoen noch twa wiken omwjirmje moatte!… Lês fierder