… Lês fierder Fryske ruters en stikeltrie
Ferline wike late in Spaanske freon ús om troch Puerte Banús, de ferneamde jachthaven fan Marbella. Trije op de fjouwer auto’s op de kaai wiene Bentleys – de oare wiene deagewoane Maseratis –, it iene jacht wie noch pronkmoaier as it oare en oan begjin en ein fan de kaai stiene fleurige rjochtingwizers nei de needsaaklikste winkels: Guzzi rjochts op twa hûndert meter, Prada links op minder as fyftich.
Op de ein fan de kaai, it tichtste by de see, stiene opsichtige kopstikken fan twa âld-boargemasters. De korrupsje wie hjir yn de foarige iuw op it slimst, sei myn freon, yn de tiid fan Franco en flak dernei.… Lês fierder
foarút
foarút
wol of net jin faksinearje litte tsjin koroana?
ast it dochst, kinst deagean oan it faksin,
dochst it net, dan kinst stjerre oan it firus
witst it noait: giest op de fyts nei Dokkum
en wurdst oanriden, dan tinkst, swierferwûne
yn de berm, foardatst weirekkest:
hie ik de auto mar nommen!
mar wiest mei de auto nei Dokkum riden
en tsjin in beam oan botst,
dan hiest tocht, foardatst beswyktest:
wie ik mar op de fyts gien!
dit moat Kierkegaard bedoeld ha
doe’t er skreau dat it libben
inkeld achterút begrepen wurde kin
Smoarge filmkes jouwe rêst
It liket wol as oft ik yn in romteskip sit en oer in oare planeet digerje as ik nei de smoarge filmkes sjoch. Mar wat is smoarch?…goar?. Wa sil it sizze?
Ik dan mar, want it is by eintsjebeslút myn kollum no? Sil ik earst ris beskriuwe wát ik sjoch?…of begjinne mei wêr’t ik it sjoch? Dat lêste mar dan.
Op Facebook komme allegear ferskillende filmkes foarby, fan idioate itensiedfideo’s…hoe brûk ik myn bôleroaster oars?…bygelyks foar pankoekbakkerij of soks…of om te rierbakken…betink it mar. Kreative hapsnoarkers dy’t ferve op in doekje útsette as tsjokke M&M’s en der dan in grouwe kwast trochhelje en sjoch in lânskip…tsjoenderij lêzers…jimme keunstskilder, moi alsa, kin wol ophâlde.… Lês fierder
In mislearre Snollebollekes liet
‘Ik moat der wol oan wenne, hear,’ suchte freondin T. ‘Wat wie it in kabaal!’
‘Wat no, juh? Watfoar kabaal? Dy fleantugen?’
‘Eh nee, op dy reüny, fan it ôfrûne wykein. Ha ’k dy ommers wol ferteld? Dy famylje-reüny. Ik bin sokke groepen minsken net mear wend. Nei de koroana stilte. Dan krigest somtiden mar ien minske op besite. Mar no sietst ynienen yn in hokfol. Mei goed tritich minsken. Dy’t allegear tagelyk wat fertelle wolle.’
‘Gesellich dochs?’
‘Jawis, mar ik tocht op in stuit al: Wêrom raze se allegear sa? Soene se ûnderwilens allegear dôf wurden wêze?’
‘Minsken wienen bliid om elkoar wer ris te sjen,’ tocht ik.… Lês fierder
‘Sineeske Ukelele’ fan Berend Folkertsma
Berend Folkertsma op de ukelele, tegearre mei syn Dokkumer buorlju Ling Ping en Mei-li Ping op tradisjonele Sineeske instruminten.
frij spul
frij spul
I
de wyn hat frij spul
seist it is net de wyn
mar de geast dy’t frij waret
rattelet nachts oan skoattels
kriget nearne útfanhûzersplak
al stiet er by elke homeie
op wacht
seit moarns fatsoenlik goedei
stapt yn syn golfke en blaast
rjochting eachein oftewol
alles súd fan dokkum
II
de see hat frij spul
seist it is net de see
mar it hert dat opkomt
him weromlûkt
by skimertsjuster opwâlet
en mei krêft him wart tsjin
dyk en ferbod
wer fuortebbet in laachje
slyk en wat los sân
ûnder dyn learzens
is dêr’tst it mei dwaan moatst
III
it grien hat frij spul
seist it is net it grien
mar de siel dy’t widzet
yn alle wynstreken
oars net as rûzje
licht weagje mar nea
fan ’t plak dêr’tst de lodde
yn ’e klaai setst hearst
in gjalp djipper
dolt it net
fierder is der neat dat rikt… Lês fierder
