Marcel Plaatsman

Nei it boek

logo.ensafh

No’t myn boek ôf is, wachtsje ik. Sa’n boek is eins nea klear, hear. Mar ik kin der no neat mear oan feroarje, dat hat de drukker sein, dat it is wol definityf. Ik kin neat mear dwaan, ik wachtsje.
No wit ik dochs al net sa goed mear wat ik dwaan moat. It is in soartemint lockdown, in boek ôf hawwe.

Mei’t it winter wurden is, kin ik de kroan op ’e tsjerke wer sjen. It is sels slimmer as earst, doe’t der noch in beam foar myn hûs stie. Dêr is fan ‘t jier de bliksem ynslein, yn in nacht dat ik sels net thús wie, mar op Tessel.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Laudatio Eeltsje Hettinga fanwegen syn Gysbert Japicx-priis 2021

logo.ensafh

Oan my as fertsjintwurdiger fan de Fryske Akademy de eare om in laudatio út te sprekken foar Eeltsje Hettinga. Hy kriget de Gysbert Japicx-priis foar de gedichten dy’t er skreau yn syn funksje as ‘Dichter fan Fryslân’ tusken 2017 en 2019. Hy fertsjinwurdige Fryslân yn it romrofte jier 2018 dat Ljouwert / Fryslân kulturele haadstêd fan Europa wie.

Hoe sille wy him priizgje, dy’t de namme hat te wêzen in ‘enfant terrible’ fan de Fryske literatuer? Wy priizgje him om deugden dy’t er sels yn eare hâldt. Ik kies trije út:

• De leafde foar it moaie fan taal
• De leafde foar gerjochtichheid
• De leafde foar it frije wurd

Eeltsje Hettinga hâldt fan taal, fan smoute taal, fan moaie útdrukkingen, fan de Fryske taal.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Drek Kwientsies

logo.ensafh

Buorfrou A. kaam wat boeken bringe foar myn ‘Lytsebyb’ bûten. ‘Wolst ek tydskriften ha?’ frege se. ‘No nee, juh,’ fûn ik, ‘want wat wolst der dan wól of wat wolst der dan nét yn ha? En ik wol der gjin rommel yn ha. Inkeld boeken dus.’
‘O,’ sei se, se seach wat sneu, en kaam doe feninich: ‘Of fielstû dy dêr te goed foar? Foar in lekker rabbelblêdsje?’
‘Jawis,’ sei ik like feninich werom. ‘Net te goed, mar miskien te min. Of soks.’
‘Uuh,’ sei se, ‘hoe bedoelst?’ Dat wist ik eins ek net en ik skode dêrom mar gau har boeken yn it boekekastke.… Lês fierder

Duo von Däniken

Winkelsintrum Suite

logo.ensafh

Yn de neilittenskip fan Berend Folkertsma (1945-2009) is it manuskript fûn fan in ek wol hiel aparte komposysje: Winkelsintrum Suite. It giet hjir om in oade oan in winkelsintrum yn Dokkum. De fjouwer ûnderdielen binne: Gall & Gall, Snackpaleis, Aldi en C 1000.

De komposysje wurdt hjir útfierd troch de famylje Hamstra, fan Hantum.

 

 … Lês fierder

Lomme Schokker

Fryske ruters en stikeltrie

logo.ensafh

Ferline wike late in Spaanske freon ús om troch Puerte Banús, de ferneamde jachthaven fan Marbella. Trije op de fjouwer auto’s op de kaai wiene Bentleys – de oare wiene deagewoane Maseratis –, it iene jacht wie noch pronkmoaier as it oare en oan begjin en ein fan de kaai stiene fleurige rjochtingwizers nei de needsaaklikste winkels: Guzzi rjochts op twa hûndert meter, Prada links op minder as fyftich.

Op de ein fan de kaai, it tichtste by de see, stiene opsichtige kopstikken fan twa âld-boargemasters. De korrupsje wie hjir yn de foarige iuw op it slimst, sei myn freon, yn de tiid fan Franco en flak dernei.… Lês fierder