Henk van der Veer

Sundachskyn

logo.ensafh

 

 

fanmòrren lúden de klokken fan ’e Groate Kerk
krekt even un bitsje anders as anders
fleurech en útgelaten om dyn komst an te kondegen:
Nouvé van der Veer sundachskyn út Amsterdam

de lucht is swanger fan nieuwe dagen
in ut tòpke fan ’e treurwilg boven de Kerkracht
slaat un sanglyster fleurege toanen an
dúkt aalskòlver hotel-de-botel kòpke onder

iedereen mach ut wete at ik as groatse pake groatfader
un wibelech roestfrij stalen trapke opklim
om ’e flach út te steken

un Indise frou in westerse klearen trippeltrappelt foarbij
siët mij ferwonderd an, doët un klein dúmke omhooch
en seit dúdelek en helder: ‘selamat bertunang’
de weareld is dyn speultún Nouvé

wees fan harte welkom jonge
we make der wat moais fan… Lês fierder

Greet Andringa

Pearse wyn

logo.ensafh

Sûnt in pear jier bin ik frij fanatyk dwaande út te finen wat ik allegearre kin mei wat der by ús op it hiem groeit. Myn fernaamste ynteresse is: is der wat ytbers fan te meitsjen? Fan ’e wike foel myn each op de nageltsjebeam, of miskien wie it myn noas. Guon roken freegje der ommers gewoan om om dêr yn te biten.
Wylst de driprein op it skerm fan myn mobyl foel, tsjoenden google, ecosia en pinterest rûkersguod en sjippe foar it ljocht. Myn oerlibbingsynstinkt waard no net dalik waarm fan it idee fan skûmbekjen. Fan de blomkes troch it slaad of de yoghurt waard it mar in lyts bytsje better.… Lês fierder

Anne Feddema

Treppen

logo.ensafh

As Peaske en Pinkster op ien dei falle…wa seit dat noch wolris tsjintwurdich? Wêr binne se yn ’e goedichheid bleaun…sprekwurden, sechjes, siswizen? De klean om ’e neakene klisjees oan te klaaien. Dêr moat ik no ynienen oan tinke, heal ûnderútlizzend op ’e bank om mar sa min mooglik gewicht op myn kont te hawwen. It is de dei nei Pinkster en ik hoopje dat de hillige geast net útflein is en mi helpe sil om in goede Kollum te skriuwen.
Laitsjende emoji mei in drip swit, of is it in trien dy’t fan ’e kop spat?…hoe dan ek…dy alsa.
Tûke lêzers fan myn stikje sille har no al ôffreegje…wat is der mei dy kont fan him?… Lês fierder

Henk Nijp

‘Vegan’

logo.ensafh

It past fansels net byinoar ‘vegan’ en geitewol, mar it feganisme hie in jier of wat tebek noch wat in geitewollensokkerich imago en it is no werklik ‘booming’. Yn 2006 telde ús lân 16.000 feganisten. Fiif jier letter binne der tusken de 50 en 70.000!
Oeral wat yn ‘e fierte mar in bytsje mei in plant te krijen hat, kriget it label ‘vegan’ as dat goed útkomt. En ek dingen dy’t út soarte fan in plant of beam komme, krije dat stimpel opdrukt. Sels hout wurdt tsjintwurdich as ‘vegan’ oanpriizge, mar dat wie it ommers altyd al. Dat is hielendal net nij, mar soe it wêze kinne dat it better ferkeapet mei sa’n etiketsje?… Lês fierder

Lomme Schokker

In freedtemoarn yn de bollefjilden

logo.ensafh

In tút, derút en dêr stapt se hinne, de frou fan krekt santich dy’t al de helte fan har jierren mei my troch it libben giet. Yn in fynreade reinjas rint se monter oer it parkeardek nei har earste faksinaasje. Kapusjon oer de holle en har papieren yn ’e hân. It docht my wat om har sa rinnen te sjen. Soks ha ik tsjintwurdich hieltyd faker, samar in ûntroering mei in oanslach yn ’e eagen. Graach smyt ik it op de jierren, mar it kin ek myn muzyk wêze út it USB stickje. I’m sittin’ in the railway station, got a ticket to my destination… homeward bound.Lês fierder