As Peaske en Pinkster op ien dei falle…wa seit dat noch wolris tsjintwurdich? Wêr binne se yn ’e goedichheid bleaun…sprekwurden, sechjes, siswizen? De klean om ’e neakene klisjees oan te klaaien. Dêr moat ik no ynienen oan tinke, heal ûnderútlizzend op ’e bank om mar sa min mooglik gewicht op myn kont te hawwen. It is de dei nei Pinkster en ik hoopje dat de hillige geast net útflein is en mi helpe sil om in goede Kollum te skriuwen.
Laitsjende emoji mei in drip swit, of is it in trien dy’t fan ’e kop spat?…hoe dan ek…dy alsa.
Tûke lêzers fan myn stikje sille har no al ôffreegje…wat is der mei dy kont fan him?… Lês fierder
