Geart Tigchelaar besprekt de bondel ‘Unlân’ (Utjouwerij Hispel, Loenen aan de Vecht 2019) fan Gerrit de Vries.
Geart Tigchelaar besprekt de bondel ‘Unlân’ (Utjouwerij Hispel, Loenen aan de Vecht 2019) fan Gerrit de Vries.
Hymjend plante de frou twa grutte tassen op ’e bank foar my en plofte der doe tuskenyn. Ik hie har wol draven sjoen op it perron, se koe noch krekt de trein helje foar’t de masinist op it fluitsje blies.
‘Hèh,’ pûste se, ‘ik sit.’
Se hie sa’n âlderwetsk trochskinend reinkapke oer it hier, dêr’t sa te sjen krolspjelden ûnder sieten. Krolspjelden? Bestiene dy noch? Fan dy rôze of blauwe stikelbarchjes, dêr’t je in tûfe hier omhinne draaiden, dêr’t dan wer in pin trochhinne moast om sitten te bliuwen. En dan foaral net te fier stekke, oars wie it ‘AU FERGEMY!’.… Lês fierder
Ik moat my soargen meitsje. Ik bin yn gefaar, alteast de húshâlding en alle have en goed. Want it is alwer oktober en dus giet aanst dy ferhipte wintertiid wer yn. En dan wurdt it tsjuster mar benammen ek link om ús hinne. Want ‘wintertijd is het hoogseizoen voor inbrekers‘. Dat ropt ‘Veilig Wonen Nederland’ yn in alarmmail wêr’t ik net om frege ha. Mar ik krij wol mear mail samar yn de ynboks. En it spamfilter is blykber net op soks ynsteld of fynt it berjocht faaks te wichtich om it der fuortdaliks út te kiperjen.
Wintertijd staat gelijk aan inbraaktijd, ropt it mailtsje. … Lês fierder
Pake wie 75
Noch út’e 19e iuw
Hy hie in tige sûn gebyt
Tosken as fan in jonge liuw
Hy sei op in dei:
Ik bin no âld
Wat binn’
Wy hjoed?
Dy toskeboel
Moat der no mar ris út
Mei in lege mûle dêrnei
It falske nije siet net goed
Flybke hy:
Ik bin modern
Ik hear derby
Hy begûn wer yn’e tún
Te wrotten
Dy toskedokter:
Dy toskedokter
Hienen se
Ophingje
Moatten.… Lês fierder
De lêste tiid lês ik gauris dat ien syn (it binne meastentiids manlju) argumintaasje krêft mient by te setten mei it fenomeen fan de Grutste Gemiene Dieler: ik ha nammerste mear gelyk, want myn stânpunt is ek de wil fan it gewoane folk. De GGD jout de skriuwer yn eigen eagen blykber net inkeld in bysûndere legitimaasje foar syn opfetting, ymplisyt wurdt ek fyntsjes oanjûn dat de miening fan in oarstinkende dus net reëel of sels elitêr is, alhiel net fan de ‘echte’ wrâld. Guon striders foar in Grutte Fryske Saak hawwe ek dy gewoante. Foar sokken liket de ‘echte’ Fries de nije elite te wêzen, ek al wit de ienlingsminske dat in ‘echte’ Fries net bestean kin – likemin as der echte Frânsen of echte Basken besteane – want minsken wolle gjin omskot wêze mei it ynstriele wetter fan in oar syn leauwe.… Lês fierder
Hjoed in troch de techneuten fan Omrop ôfstoffe, en in bytsje oerprodusearre opname fan de groep Swart, út Dronryp, mei it nûmer Dea. It oarspronklike nûmer datearret wierskynlik fan 1992. Yntusken binne alle bandleden … Jo riede it al.
Eilannen haw ik wol in swak op. Dat sil foar de haadpersonaazjes fan Molwrot ek wol wier wêze: net allinnich reizgje dy ôf nei Peaske-eilân, se lykje harren eigen libben ek as in soartemint fan eilân te beskôgjen. It jildt foar Seleina, foar Catrinus, faaks sels foar de oare personaazjes dy’t yn Piter Boersma syn boek foarbykomme. Mar it kin ek wêze dat iksels der te eilânsk nei sjoch. Ik skriuw dit besprek dan ek op Teksel, it eilân dat sa grutsk is op syn histoaryske bân mei Peaske-eilân (mar dêr’t mollen net foarkomme).
Molwrot is troch Boersma syn útjouwerij Hispel útbrocht as in roman.… Lês fierder