Janneke Spoelstra

A tourist with a local bag

logo.ensafh

Ik rin de dyk del. Foar de frou
dy’t yn in tún oan ’t wurk is,
bin ik a tourist with a local bag.

Mar ik bin hjir net foar de see,
ik bin hjir net foar de stêd, ik
bin hjir foar in grêf. Mei help

fan Google streetview fûn ik
it begraafplak, mei help fan
in pear locals fyn ik it grêf.

Mei it fleske wetter en it
broadsje út ’e local bag set ik
my by dy op in muorke del.

Life is like spring water,’ seit
it fleske. ‘It runs in an infinite
number of shapes.’… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kultureel Frysk

logo.ensafh

No minsken, dit wurdt myn lêste stikje oer de Kulturele Haadstêd 2018. Op himsels fûn ik de drokte dy’t de toeristen meibrochten tige gesellich, hear. En se fregen my ek geregeld de wei, dan kinne jo josels efkes in wichtich persoan fine, no. Resinsjes fan Kulturele manifestaasjes kin ik jim net leverje, want ik haw neat meimakke, ik hie der gjin nocht oan. Of… wachtsje efkes, it wie my hast ûntkommen: Bach syn Mattheüs Passion yn it Frysk yn maart, dêr wie ik al by. Lei it oan de akoestyk of hawwe de foar in grut part net-Frysktalige sjongers net lang genôch oefene om de útspraak fan ús taal yn ’e macht te krijen?… Lês fierder

Henk Nijp

Yn it skaad fan Escher / Bysûndere grafyk fan platfoarm VOG

logo.ensafh

Doe’t wy de tige drokke A10 ferlitte koene en de ôfslach Durgerdam namen ûnder de fly-over troch, wiene wy op slach yn it lân fan Nescio’s Titaantjes. Alde, smelle lânboudykjes, lytse tsjerketuorkes en sleatten en fearten mei tige heech wetter, dy’t har neat oanlutsen fan ’e oanhâldende drûchte. Wat in ferskil mei dy safollebaansdyk fan niiskrekt en wat in rêst. Neffens my binne it dêr allinne mar aardige jonges, dat kin hast net oars… Wy wiene op wei nei Cees Smit, grafikus yn Holysloot, ûnder de reek fan Amsterdam.

Troch in útnûging fan Tresoar foar in jubileumeksposysje, dy’t yn gearwurking mei VOG (Vereniging Originele Grafiek) yn septimber hâlden wurdt, waard ik as dichter oan him keppele.… Lês fierder

Piter Boersma

In memoriam Steven H.P. de Jong

logo.ensafh

Steven de Jong debutearre yn 1965 mei de dichtbondel Wankend stomp. Hy hie dêrfoar al poëzy publisearre yn Quatrebras en De Tsjerne. Yn dy blêden, dy’t inoars tsjinpoalen wiene De Tsjerne tradisjoneel, Quatrebras eksperiminteel, publisearre er ek al polemysk-esseeïstyske stikken.
De titel fan dy debútbondel lit jin net tinke oan sêftsedichheid. Ast de gedichten lêst komst lykwols net sasear in dichter tsjin dêr’t sels geweld fan út giet, it giet om geweld dat oer de dichter komt en dêrnei by him geweld opropt. Winliken fiert er yn de gedichten in striid tsjin it geweld en tsjin de eangst dêrfoar.
Steven de Jong hearde as skriuwer oars al ta de rebellen fan ’e sechtiger jierren, skriuwers dy’t de bile leinen oan de foet fan it tradysjonele en yn harren eagen achterhelle Fryske literêre bedriuw.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Kristina Kočan út Slovenië

logo.ensafh

“I came to Ljouwert to finish my first book of short stories, whereas the second part of my writing plan was to write a cycle of poems about different kind of migrations/movements of birds, ships, even islands.”

Kristina Kočan (1981, Maribor Slovenië) is skriuwster en oersetster. Hja hat Ingelsk en Dútsk mei literatuer studearre oan de Universiteit fan Maribor. Hja hat in proefskrift skreaun oer hjoeddeiske Amerikaanske poëzij en dêr is se yn 2016 op promovearre. Oant no ta binne trije dichtbondels fan har hân útjûn, nammentlik Šara (2008, Litera), Kolesa in murve (Fytsen en moerbeien, 2014, Zavod Itadakimasu) en Šivje, dy’t yn jannewaris dit jier by Litera ferskynde.Lês fierder