Buorfrou en Buorfrou wolle ek wolris wat oars. Se jouwe har op foar de poëzijkursus fan Bert Looper. En wat der dan allegear bart! Klik op ‘e foto foar wer in kultureel tige heechsteand harkspul:
Buorfrou en Buorfrou wolle ek wolris wat oars. Se jouwe har op foar de poëzijkursus fan Bert Looper. En wat der dan allegear bart! Klik op ‘e foto foar wer in kultureel tige heechsteand harkspul:
hieltyd moat ik oan dy tinke
hee witte de vries, in skerpe
pinne hiest, en dyn tonge die
it net foar minder, de lêste
kear die fertuten; do sloechst
my op it skouder by de rely… Lês fierder
It wie bar kâld foar de tiid fan it jier doe’t wy yn ’e wyn op rjochting Belvédère rûnen. Dat waard doe’t wy ien kear yn it museum wiene gelokkich wol oars. En dat kaam net allinnich troch it grut tal besikers dat der omstrúnde. Yn de grutte seal dêr’t de skilderijen fan Giorgio Morandi hingje, want dêr wiene wy, wurdst fuort al waarm fan de kleuren dy’t de keunstner brûkt. Hy wie Italiaan fan hús út en, soest hast sizze: dat kinst oan syn palet fernimme, as dat net sa’n klisjee wie. De ierdetinten oker, read, sienna, it blau fan bergen yn ’e fierte en salmrôze, kleuren dy’t Italië as thúsbasis ha, sis mar, wurde yn hast alle skilderijen brûkt.… Lês fierder
it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje
de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn
mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen
stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen
no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma
Ofrûne woansdeitemoarn noch optrede. Op ’e fyts werom nei hûs yn Mantgum. By Werpsterhoeke fan ’e fyts falle, hertstilstân. Fûn, reanimearre, ûnderweis nei it sikehûs wer reanimearre, yn it sikehûs noch in pear kear, op ’e intensive care, sneon 21 april ferstoarn.
Piter is 76 jier wurden, in moaie leeftiid. Hy wie krekt yn in gelokkige perioade fan syn libben. Ien fan ’e moaie dingen: net lang lyn wie er pake wurden. Syn dea is in skok, mar in dea as dizze, sûnder lang lijen, dêr kin men foar him bliid mei wêze.
Piter Yedema wie yn it begjin fan syn skriuwerskarriêre foaral in betûft en eigensinnich kritikus, letter manisfestearre er him mear as dichter.… Lês fierder
Sechstjin, santjin jier wie ik en fol Sturm und Drang. Bûtendoar doarst ik neat, mar thús op de jongeskeamer koe en woe ik fan alles. Ik dreamde ûnbestimde idealen, lies boeken foar myn literatuerlisten, sammele de kleurichste Spaanske sinesappelpapierkes foar yn in skuondoaze en typte de aldermoaiste gedichten oer. Dat wol sizze, de gedichten dêr’t ik wat fan snapte. Inkeld dy gedichten binne bleaun, folsleine gedachten fan ûnbesprutsen begear.
Ik blêdzje troch de blauwe multomap út myn oankommelingstiid, se lizze taal by taal en op alfabetyske folchoarder fan de dichter. Fiif fersen fan Obe Postma wachtsje my op, tusken Leo Popma syn ‘Blues fan de sûndfloed’ en Rixt har ‘’k scil foar dy sjonge’.… Lês fierder
“Asto midden yn de rotsoai en ûndúdlikheid sitst dy’t in oarloch is, dan moatsto kieze op prinsipes en gefoel.”
Baukje Zijlstra is yn 1967 berne yn Dokkum. Sy die nei de middelbere skoalle ferskate stúdzjes en is úteinlik ôfstudearre oan de PABO yn Ljouwert. Earst wurke se as korrektor by de Ljouwerter Krante, letter waard se redakteur by ferskate bedriuwen en útjouwerijen. Se hat har hiele libben al skreaun. Op har achtste is in gedicht fan har publisearre op de berneside fan it Frysk Deiblêd. Yn 2013 is foar it earst in ferhaal fan har ferskynd yn Ensafh.… Lês fierder