Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (14): Boris op rapport

logo.ensafh

Jim sille it net leauwe, mar dochs is it wier. Okkerlêsten rûn ik oer de stille kant fan de Ljouwerter Nijstêd, dêr’t ek boekhannel Van der Velde sit. Harren twaddehânsôfdieling is in skatkeamer, en ik fûn ta myn wille Ryzji yn it Frysk (2019), oerset troch Eeltsje Hettinga mei help fan Elske Schotanus. De Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), tragysk en rûch, komt yn dizze Fryske oersetting (de Fryske titel fyn ik al wat maklik keazen) moai ta syn rjocht. De oersetters hawwe gebrûk makke fan Anne Stoffels har Nederlânske ferzje, dy’t ek opnommen is. Jochem Hamstra út Grins makke der sfearfolle tekeningen by.… Lês fierder

Foppe Venema

Troch de skodoarren: Jean de la Fontaine (1621-1695)

logo.ensafh

‘Troch de skodoarren’ is in rubryk, dy’t oait alris yn ’e papieren ferzje fan Ensafh ferskynde en as doel hat de lêzer yn ’e kunde te bringen mei benammen Frânske poëzy.

Yn dizze earste online-ôflevering omtinken foar Jean de la Fontaine mei syn ferrassend aktueel bleaune fabels. Sa liket neikommend fragmint út ‘L’âne vêtu de la peau du lion’ op it liif skreaun fan guon hjoeddeiske politisy:

De ezel klaaid mei liuwehûd
Ferspriedt oeral eangstme en haat,
En ek al ûntbrekt it him oan moed,
Dochs trillet elts op syn paad.

Ik sjoch it grêf fan La Fontaine as ik begjin oktober op it sfearfolle Parise tsjerkhôf Père-Lachaise omdoarmje, dêr’t ek Oscar Wilde en Jim Morrison in lêste rêstplak fûnen.… Lês fierder

Pier Boorsma

âlvestêdetocht 1986 

logo.ensafh

 

 

 

yn it tsjuster
ried ik de bonkefeart del
ik wie nachtblyn
dat ik wie wol tsien kear fallen
ik siet ûnder de blauwe plakken
einlings kaam ik oer de finish
der wie gjin mins te sjen
wat in ôfdijer
om’t ik myn skuon
bij de start stean litten hie
moast ik op sokken rinnend
nei ljouwert
it minskebestean is wif
it iene momint
fiere je de Triumph des Willens
en even letter
binne je in held op sokken… Lês fierder

Jemke Visser

Moccona en assertive fammen

logo.ensafh

In skoftsje lyn wie der op ien en deselde dei in trijetal berjochten dêr’t ik by oan myn jeugdjierren tocht: ‘Douwe Egberts in Amerikaanse handen’, ‘Wij eisen de nacht op’ en ‘De internationale beweging Com jaagt via gameplatforms op kwetsbare jongeren’.
Dat freget fansels neiere útlis, te begjinnen by Douwe Egberts. Fan myn tsiende ôf brocht ik myn jeugd troch op ’e Jouwer. Dat hie minder kind. Wy wennen oan ’e súdkant fuort by de Roazebosk tsjinoer de kwekerij fan ús heit, mei al syn idylle, grutte broeikas en appelhôf, it hiele spul al gâns wat jierren lyn ûnder it asfalt ferdwûn troch de oanlis fan Knooppunt Joure.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Koarnblau kleuret myn hoarizon

logo.ensafh

Ik sit te wachtsjen yn de biblioteek yn Frjentsjer. In biblioteek dy’t ik goed ken en dêr’t ik faak kom. Dit kear kom ik foar myn ‘gouden kado’, sa’t de biblioteek it sels neamt. 

Mei sa’n tweintich froulju en twa manlju wachtsje ik fol ferwachting. Ik bin de jongste tusken it publyk mei myn fjouwerenfjirtich jier âld. Ik wachtsje op in bejubele skriuwster dy’t út Iran komt en dêr’t resinsinten fan sizze dat har taalgebrûk ûnoannimlik moai is, mar ik bin net sa goed yn wachtsjen. Gelokkich is der kofje en binne der broadsjes en sop. 

Ik sjoch wat ta it rút út en ynienen sjoch ik in opfallende auto.Lês fierder