… Lês fierder Ik stopje mei de Fryske literatuer
In tryst lietsje fan Duo von Däniken: ‘Ik stopje mei de Fryske literatuer’.
Feiko Radsma begeliedt it Duo op it Müller-oargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.
Klik op ‘e foto foar de muzyk:
Mingd Nijs (6): Ljouwert, City of Literature
Sûnt novimber 2019 is Ljouwert City of Literature, in titel takend troch de Unesco. Wy binne no hast fjouwer jier fierder. Wat hat dizze beneaming eins opbrocht?
Litte wy ris saaklik úteinsette: Ljouwert City of Literature (tenei CoL) hat in jierbudzjet fan 400.000 euro, hast in heal miljoen dus. Dat is mienskipsjild, en sil foar in wichtich part bestean út leankosten foar de meiwurkers.
CoL is de opfolger fan Lân fan taal, it projekt dat him, ûnder lieding fan Siart Smit, net al te bot bekroade hat om de Fryske taal en literatuer.
Ik rin eefkes in pear projekten del:
It literatuerbankje.… Lês fierder
Neat driuwt
Bokkepoatsjes
Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder
Dwaling 1 en 2
Petear mei dichter Ruurd de Haan
Klaas Looper, broer fan Bert, hat in nijsgjirrich petear yn Tusken de Wurden mei Ruurd de Haan, in net sa bekend Frysk dichter.
Klik hjir foar it petear.… Lês fierder


