Gerrit de Vries

Ik

logo.ensafh

 

 

 

Ik

wa bin ik
ik bin in oar
efter myn ferhaal ik
wit tsjin better leauwen yn

foar mysels it allerbelangrykste
ik wie der fan it begjin ôf by
de iennichste dy’t altyd by my bliuwt
en libbenslang nea fuortgean sil

ik bin gjin fariabele
mar in konstante

ik bin ta mysels feroardiele
ik bin myn eigen finzene
en myn sipier
dan de ien dan de oar

ik bin gjin konstante
mar in fariabele

ik bin in kameleon
yn oare wrâlden fersjit ik fan kleur
wylst ik yn in einleas universum libje
is myn wrâldsje tige lyts

ik bin in fisk yn in kom
minsken en dingen dy’t dêrbûten binne
sjoch ik ferfoarme
troch in fergrutglês hinne

ik bin yn god syn djipste tinzen
in tinkende karbonade bin ik
in antyteze
of in paradoks

ik haw in antwurd
mar wit de fraach net

ik bin immen dy’t
fiif minuten foar slutingstiid
oankomt wolkom of net
altyd te let

ik bin gjin aperityf
mar in superlatyf

ik hoech mysels net te sykjen
want ik bin mysels net kwyt
ik stim ôf op it universum
en krij allinich testbyld

Ik bin it lêste puzzelstikje
dat oerbliuwt

krekt net past… Lês fierder

Giny Bastiaans

Sykje in fint

logo.ensafh

Ha hearlik, ik hie wer ris myn treinferbining mist. Plan P komt dan yn wurking. Op nei de restauraasje. Want dan, ja allinnich dan, traktearje ik mysels op patat mei kroket.
It wie in moaie restauraasje. Noflike stuollen. Moaie muzyk en net te lûd.
Njonken my sieten Friezen om ’e tafel. Se wennen dúdlik op ’e romte want se wiene wend elkoar fan fierwei te beroppen.
Se kamen my bekend foar. Ynienen wist ik it wer. De âldere man en frou hiene lang lyn yn ús doarp wenne. Se wiene sa te sjen ûnderwilens pake en beppe wurden. Dan moast de frou mei it reade hier dy’t der tusken siet, harren dochter wêze.… Lês fierder

Lomme Schokker

Skoufrou tusken twa kanten

logo.ensafh

Alle boeken fan Annie Ernaux, de winneres fan de Nobelpriis foar literatuer, geane oer har frou-wêzen en oer har sosjale komôf. Yn in droech proaza, dat hiel persoanlik is en sljochtweihinne realistysk, filearret sy it libben yn har neiste omkriten en harsels yn it bysûnder.

Har heit moast op syn tolfde as kowehoeder de fjilden yn, wie in hiel skoft fabryksarbeider, begûn letter in doarpswinkeltsje dêr’t in soarte fan kafee, in sûphúske oan fêst siet. De heit, altyd earm, altyd bealgje, nea tiid foar himsels, hie al syn moed op syn dochter, de earste yn de famylje dy’t trochleare soe.

Op it momint dat sy it hûs útgiet begjint se te skriuwen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Oranjeread

logo.ensafh

Myn belibjen fan de werklikheid is yn sommige gefallen oars as dy fan de measte minsken.
Sa hawwe wy dit jier in hingelbegoania boppeyn in amphorafaas op ’e hoeke fan ús tún, heal ferskûle efter in reade Japanske acer. It felle oranje fan de frêle blomkes stekt manjefyk ôf tsjin de lykfoarmige bledsjes fan plant en beamke. Us buorlju wurde der alle kearen suver bliid fan as se oer it túnsket dikerje. Ik dêrtsjinoer, mei myn min kleurûnderskiedingsfermogen yn it oranje-read-griene spektrum, sjoch amper ferskil tusken dy blomkes en de bledsjes. No wit ik blinders goed wat ik sjoch, dus dat kin neat oars wêze as myn eigen werklikheid.… Lês fierder

Rein de Lange

Surrogaattee 

logo.ensafh

 

 

De kachel jout súntsjes decimberwaarmte frij,
kâlde rein tikket in treurich sankje,
de tichte kleden ûntnimme elts klear sicht.

Ik sit yn de hurde stoel der’t heit
ea de wrâld oerseach. mem mei
mimerjende wurden surrogaattee skonk.

No’t it oerstallige ynpakt is, leit de kalinder
ûnûntkomber it lêste momint fêst.
sil it ljocht op ’e nij feroarje.… Lês fierder

Henk Nijp

Dyk

logo.ensafh

It is wer safier, alles stiet stil en it kin ek noch wol eefkes duorje. De motor kin wol út. In lange stilsteande rigele foar de slachboom en oan de oare kant ek noch gjin beweging, no ja, op it lange gers yn ’e wyn en in keppeltsje krieën nei.
Alle kearen as wy fan Noard-Hollân komme binne wy de klos, en oarsom as wy dêr hinne sille, likegoed. It is krekt as dogge se it derom. It mist eins noait in kear of it moat jûns let wêze. Meastentiids giet it mar om ien skip foar safier’t ik dat fan de auto út besjen kin.… Lês fierder