Anne Feddema

Folslein stikken – Verblendung schlechthin

logo.ensafh

Dútske hardershûnen fleane om ’e Flixbus hinne, byljend en hymjend. It is oerdei, alsa gjin strikende bondels sykljocht diskear. Ik begjin myn ferhaal mar mei in optochte hyperboal, je binne skriuwer of je binne it net, no? Couleur locale sille we mar sizze, dan wurdt de skilder yn my ek net oerslein.
Dat ik sa begjin is de skuld fan Horst Seehofer, de federale Dútske minister fan ynlânske (dan klinkt it noch in bytsje fierder fuort) saken. Yn july fan dit jier wie Ibrahim Miri, de lieder fan in Bremer drugsbende, deportearre nei Libanon, mar yn oktober al wer yn Dútslân oankaam.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

20 ier de pisang

logo.ensafh

om de skeinde fankes ferhingj’ dy rock’n jagger
jawisse oan de heechste beam fan de sinne
boppe sranaan; de leffert mei om de leave
dinkjes de dea yn en om in soad oare

fan efter f’rneukte prachtwiven foar ivich
nei de jachtfjilden tsjen en as in sloppe
lulhannes ende dwul oan de koade bingelj’…
ommers, fertsjinn’ is fertsjinn’…

dat er, om dy leidige famkes net fret!
net lang’r as in pear dagen cq. nachten
fan de trôg’n fan pa-ra-ma-ri-bo-city
en nea wer yn syn roy rolls oer de

ferneamde brêge fan de su-ri-na-me-ri-fier glydt;
wat in spulbrekker is dy waardeloaze kwast!… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Mei de boat

logo.ensafh

Neffens ús soantsje gean ik altyd mei de boat nei myn wurk. Dat is net hielendal wier, mar foar ien fan twa en in heal jier âld hat er it noch net sa min sjoen. Eins wurkje ik thús – ik skriuw, dat is myn wurk. It komt dochs gauris sa út, dat ik foar wurk nei Tessel moat en fansels gean ik dan mei de boat. Dizze moanne wie it oars, ik siet wol op in boat, mar dat wie de boat nei It Amelân. Mar jawis, in boat – dat myn soantsje hie net minder gelyk.

Op It Amelân haw ik noch in wurdsje Frysk sprutsen, mar oars haw ik foaral Tesselsk praat, dat liket genôch op Amelânsk om dêr ferstien te wurden.… Lês fierder

Syds Wiersma

Letterfrack

logo.ensafh

It is reinich waar. De grutte wiskers op it foarrút fan de bus nei Clifden feie slaafsk oer feale útsichten op Connemara. De bergen ferskûlje har yn ’e dize, de markes njonken de dyk lizze as bline dichters te wachtsjen op beswarrende wurden, it feantek der omhinne skoot yn brune biddelpijen foarby. Yn Clifden is it ljochter. Yn in boekwinkeltsje keapje ik The Poor Mouth fan Flann O’Brien, ‘a gloriously wicked satire of the traditional Irish peasant novel,’ en jou my mei in kop kofje del op in terraske.

The Poor Mouth

It pasteltinten stedsje mei yn ’e etalaazjes it lokkebrea foar toeristen hat de gek mei my.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Ferslach bekendmakking Nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

logo.ensafh

 

Foar fjouwer oere lei it Aldehoustertsjerkhôf der noch kalm en bedaard by.

Foto’s en teksten Geart Tigchelaar

 

 

De op dat stuit noch net beneamde nije Dichter fan Fryslân wakker oan it tarieden.

Deputearre Sietske Poepjes betanke Eeltsje foar twa produktive jierren en joech him it earste eksimplaar fan de Dichter fan Fryslân-bylage dy’t hjoed ek yn de LC en it FD ferskynd is.

Eeltsje Hettinga lies twa fersen foar en hold in koarte ôfskiedsrede.

Sjueryfoarsitter Job Degenaar lies in soarte fan sjueryrapport foar.

Nyk de Vries wie wakker ynnommen mei de beneaming en sei dat er it dichterskip oan syn frou opdraacht.

Lês fierder