Giny Bastiaans

Moai rêstich..

logo.ensafh

Ik moast by de stienhouwerij wêze om no einlings in beslút te nimmen. Oer in stien, in tekst, in plak.
De útfeart hie al fiif jier ferlyn plakfûn, mar de urn mei myn leave deryn stie noch altyd thús. Dat koe om my wol sa bliuwe, mar dat hie hy net wollen. Hy wie foar dien wurk meitsje. Besluten nimme.
En ja, oait soe ik dy kant dochs ek útgean. En watfoar kant, dêr woe ik sels eins wat oer te sizzen ha.

Yn de hal fan de stienhouwerij die ik fuortdaliks in stap werom yn de tiid. Mar dêr wie ik oan wend, die ik dat alle dagen net, noch hieltyd, in kear as wat?… Lês fierder

Anne Feddema

Komplottinkers tink derom

logo.ensafh

Juster rûn ik nei ‘Say Cheese’ hahaha, op ‘e Tynjedyk yn Ljouwert, de tsiis is dêr in stik goedkeaper as earne oars. In kilo âld of jong belegen ensfh. is € 5,90. Dat is wier…leau jimme kollumnist no mar.
Ik haw der ek gjin belang by om wat oars te fertellen…it Say-Fake-Cheese-Nijs is my alhiel frjemd. Hawar…it reinde as de see en ik tocht krekt fan sil ik mar wer op hûs oan? Dan wurdt de ekstra belegen mar âld, in foarm fan tsiispromoasje, sille we mar sizze.
By in studintekompleks, it moat net te ienfâldich fansels, hong post út ‘e brievebus, jimme witte wol hoe en wat.… Lês fierder

Henk Nijp

Kontrôle

logo.ensafh

It wie noch aardich tsjuster doe’t ik yn ‘e auto it hiem ôfried. Ik hie in ôfspraak yn it sikehûs dy’t foarich jier al fêstlein wie. Neat slims, in kontrôle dy’t foar de wissichheid elk jier weromkomt. Ik hie der doedestiids net by stilstien dat ik takom jier de earste ‘pasjint’ wêze soe.
Der wie kwealik ferkear op ‘e dyk, miskien om’t it noch sa betiid wie, mar faaks ek wol om’t wy mei-inoar krekt de deis tefoaren op ‘e nij yn ‘e lockdown treaun wiene. No wat minder yntelligint as fan ’t maitiid, want dêrmei hiene wy doe it firus net plat genôch krigen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Relytivisme

logo.ensafh

‘Do wurdst hieltyd negativer,’ sei de frou in skoft lyn tsjin my. Dêr sit ik wakker mei, want hoe kin soks? No’t har oanmerking in setsje tusken ús yn leit te protteljen, liket it wol oft elkenien tsjintwurdich tryster, tsjusterder en negativer is. Utsein myn frou dan. By it minste sjoch ik guon daliks al klear stean om oaren it mannewaar op te sizzen of mei feninichheid goedbedoelenden de grûn yn te jeien. En dan sit ik sels noch net iens op sosjale netwurken as Facebook, Twitter, TikTok of Secondlife. Ik ha inkeld myn Ensafh en dat is my mear as genôch.… Lês fierder

Greet Andringa

Keppelbist

logo.ensafh

Ik bin dizze wike allinnich thús. Man is op bûtenlânske reis, bern binne by harren heit. De âldste twa fytse dêr fia harren skoalle hinne, de jongste ha ik earjustermoarn nei it oare thús brocht. Frjemd genôch ried ik fuort mei itselde gefoel yn de mage as doe’t ik har âldste sus 16 jier lyn foar it earst by de berne-opfang achterliet. Dy wie doe lyts en kwetsber, dat is myn ‘lytse’ no yn de fierste fierte net mear. Alteast dat fynt se sels. Se is trettjin, stekt oardel kop boppe my út en is nei in koartôf ‘Doei!’ noch foar’t ik goed en wol de doar út bin alwer folslein yn beslach naam troch  har freondinnen yn de tillefoan. … Lês fierder

Marcel Plaatsman

Net nei Fryslân ta

logo.ensafh

Skriuw dy kollum no, seit de grutte dichter Knilles yn in lyts mailtsje. Jawis, dy kollum, dy moast ek noch. Dêr bin ik oars ek wolris let mei, dat de redaksje fan Ensafh sil dêr wol neat efter sykje as ik der mei wachtsje. Mar no is it wol slimmer. Ik kom der kwealik ta, yn it Frysk te skriuwen. Ik haw al sa’n tiid net yn Fryslân west!

De lêste kear wie ferline jier. Doe wie ik yn it foarjier yn Hylpen en it neijier op it Amelân. Ik wie ek noch yn Harns en yn Ljouwert. Ik seach Snits troch de glêzen fan ’e trein, lân en wetter en de Fryske loft.… Lês fierder

Anne Feddema

Winsk fan in skilder (2)

logo.ensafh

Wat hienen jo no winliken oan sa’n stimke yn je ynderlik? Gean der mar hinne?
Hjir gjin lyts mantsje mei pet mar in giel plastifisearre plakkaat op ’e doar. Fedde lies it …Covid 19…bladibla…ticht.
Krekt op dát stuit gong de doar iepen en kaam der in man nei bûten, in man mei in grut read burd en wyld read hier, dat alle kanten út syn wei socht.
Hy seach Annema en die fluch syn masker foar, dat sa like it alteast, earne  ferstoppe sitten hie yn ’t burd. Fedde Annema skrille in heal meterke tebek en goaide derút: ‘Ik bin skilder en kom út Fryslân…foar Bacon syn atteljee… Mata Hari?…Alma… Lês fierder