It draven leit al in skoftke stil yn ferbân mei in ûnnoazele blessuere, net slim mar wol lestich. Gewoan rinne, kuierje, giet wol. Dan is der mar in bytsje kar ast dochs wat yn beweging bliuwe wolst. Mar yn dizze mâle tiden mei omfleanende firussen en in yntelligente lockdown yn it lân freget dat al wat oanpassingen. Gewoan sljochtweihinne samar in eintsje om is der net mear by. Dat moat mei ferdrach. Wy kinne noch wol in frisse noas helje, as dat mar net massaal bart. It is dus saak sa min mooglik minsken tsjin te kommen ûnderweis. Jûns let is dan in opsje mar dan sjochst hast neat fan de maitiidserupsjes en dy wolst net misse.… Lês fierder