Ithaka en Flow, dat wiene de earste wurden dy’t ik tsjinkaam doe’t ik út ’e auto stapte op ’e Westersingel. Grif gjin tafal, tocht ik, it kin wolris in moaie jûn wurde. It wiene de nammen fan in pear boaten dy’t dêr foar de wâl leine om te oernachtsjen.
In pear hûndert meter fierderop en sa’n fyftich treden heger sieten de measte taskôgers al klear. It wie op de earste ferdjipping fan ’e Aldehou, dêr’t de sechsde of miskien wol sânde Sint Vitus-poëzijjûn, eins in pear dagen te betiid, plakhawwe soe. Presintator Melvin van Eldik wie de tel njonkenlytsen wat kwytrekke.… Lês fierder