Anne Feddema

Tiden hawwe tiden

logo.ensafh

Yn in tiidsbestek fan in pear wike is sawat alles om ús hinne mear as yngeand feroare.
Der sille grif minsken wêze dy’t op it stuit in deiboek byhâlde om letter noch ris te lêzen wat der allegear barde, hoe en wannear en wêr. Wer oaren dogge  fuortendaalks in graai nei likes en pleatse har prakkesaasjes op Facebook of hingje de blogger út mei filmkes en al.
Ik haw dan mar moai…of net…in kollum, in poadium…noch wol, je witte it nea en binne dit myn lêste rigels, dy’t publisearre wurde sille.
Sneon fjirtjin maart begûn it op te fallen  dat der feroaring yn ’e loft siet ek by ús yn ’e buert.… Lês fierder

Joute de Graaf

Sa net NDC

logo.ensafh

Je soenen je dochs dea-ergerje oan it lêzen fan in brief, dy’t in sjef fan NDC skreaun hat oan de meiwurkers fan harren kranten dy’t bydragen leverje yn de kultuersektor.
Yn dizze asosiale brief stiet: Yn de koroanatiid binne jim efkes net nedich…. de krante hat it dreech (wa net?). We moatte mei syn allen dertroch hinne. Ja, ja.
De brief azemt de sfear fan: ‘ga heen en blijf warm’.
It argumint is: jim hearre net by de meiwurkers dy’t ‘fitaal nijs’ bringe.
In minne brief, dy’t yn de kearn in asosjale toan hat.
Wit de sjef net dat syn bedriuw ek 90% leankompensaasje krije kin fan de Oerheid?… Lês fierder

Henk Nijp

Rinne mei Covid

logo.ensafh

It draven leit al in skoftke stil yn ferbân mei in ûnnoazele blessuere, net slim mar wol lestich. Gewoan rinne, kuierje, giet wol. Dan is der mar in bytsje kar ast dochs wat yn beweging bliuwe wolst. Mar yn dizze mâle tiden mei omfleanende firussen en in yntelligente lockdown yn it lân freget dat al wat oanpassingen. Gewoan sljochtweihinne samar in eintsje om is der net mear by. Dat moat mei ferdrach. Wy kinne noch wol in frisse noas helje, as dat mar net massaal bart. It is dus saak sa min mooglik minsken tsjin te kommen ûnderweis. Jûns let is dan in opsje mar dan sjochst hast neat fan de maitiidserupsjes en dy wolst net misse.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Net oer taalgrinzen hinne

logo.ensafh

Yn novimber skreau ik der ek al oer: as ik der de tiid foar ha, doch ik ûndersyk nei it Tesselsk, it eilândialekt fan myn famylje. Ik wurkje oan in swier boek, dêr’t alles wat ik oan Tesselsk fûn in plak fine sil, en ek wat ik net fûn en net wis wit. Mear as Tesselsk sil der yn komme, ik krij it ek oer oare dialekten, dy’t oan Tesselsk besibbe binne, en oer it Frysk.
Jild fertsjinje ik der eins net mei, it is in projekt njonken myn wurk as tekstskriuwer, mar ik doch wol „Taalpraatjes” en ik haw ek boekjes oer it Tesselsk skreaun, sa’t ik der dochs wat oan oerhâld.… Lês fierder

Ydwine van der Veen

Stiennen muorren poarten

logo.ensafh

Grut Ljouwert, tongersdei 23 juny 2038

Om’t ik neat witte woe fan it ferplichte befolkingsûndersyk, moast ik my hjoed melde by it National Test Center. Ik wie der geandefoet hinne set om it ien en oar foar mysels wat gewoaner te meitsjen. Lykas altyd wie der gjin minske op ’e dyk. It grutte gebou lei oan ’e râne fan de stêd njonken in ferfallen yndustryterrein. It wie opboud fan grize bakstien. Ik seach gjin ruten oan de strjitkant en der wie mar ien yngong: in poarte sûnder doarren. Ik koe sa trochrinne. Yn de hal wie it leech. Ik seach allinnich yn it midden in muorre fan reade bakstien, ek wer mei in poarte.… Lês fierder