Slak
‘I don’t say this to slime with you.’ Dizze ûnferjitlike útspraak fan Rutte hie prachtige satire wêze kinnen. Fernimstich, hilarysk en super grappich. It gekke is, it wie gjin satire! De realiteit is dat dizze útspraak echt dien is en dat der mar ien yn trape, en dat is Trump himself. Dêr’t hast elkenien yn Nederlân krom lei om de glûperigens fan it minne Ingelsk, wie de Amerikaanske presidint der aardich mei yn syn nopkes. Dy hâldt der wol fan dat der him dingen op ’e mouwe spjelde wurde. Hy hat de mouwen wilens fol mei spjeldsjes mei útspraken as ‘you’re the greatest leader in the world,’ ‘thanks to you America is great again,’ ‘you don’t look like a lobster at all’ en ‘your white teeth match perfectly with your preferences and that’s really terrific’.… Lês fierder
Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 4, 2025

Redaksjoneel – in flits fan ynspiraasje
‘Skriuw in gedicht yn de styl fan Cornelis van der Wal’ wie de opdracht oan AI:
OER DE RANE FAN IT Fj!LD
De wyn snúft oer de sleatten,
in hûn dy’t syn eigen sturt net fynt.
It griis fan ‘e loft leit swier
op ‘e wâlden, op ‘e wjukken fan ‘e goes.
Ik stean stil,
de grûn is klam ûnder myn soallen,
in spoar fan modder skriuwt myn paad.
Wat bliuwt is in skym
dy’t him net fêstgripe lit.
AI wurket mei teksten dy’t al besteane. Mar docht in dichter dat eins ek net?… Lês fierder
Piltsje of pilske?
We sitte tefolle. Dêr stiet tsjinoer dat der aardich wat binne dy’t alle war dogge fit en sûn te bliuwen. Hoefolle krekt soe ’k net witte. Allerhande fiedingssuppleminten wurde by protten oanbean en ynnommen en mannichien wurket him of har yn in fitnesssintrum yn ’t swit, soms wol meardere kearen wyks.
Fia de media, en dat binne der mei al dy saneamde sosjale derby sa njonkenlytsen noch alris in pear, wurdt ynpipere watst dwaan moatst om lea en geast sûn te hâlden om net al op dyn fjirtichste in wrak te wêzen.
Sjoch dochs ris hoe ienfâldich it is moai, jong en fit te bliuwen of, al wat âlder, bewûndere troch bernsbern – dy dekselske pake en beppe dochs – mei sa’n blitse treplift sels noch de trep op en del te kinnen.… Lês fierder
Buorfrou sjongt: Beerenburchske Nachten
Ik seach it sân út myn eagen
Yn de Efteling dûke wy in wykein ûnder yn mearke-eftige sfearen. It is nostalgy foar ús, mar foar ús jongste de alderearste kear. Se sjocht har de eagen út. Yn de hotelkeamer hat se in toverring krigen en magyske inket en dat is al hielendal te gek. Wy laitsje allegearre om Holle Bolle Gijs en de trollekening dy’t in nuver taaltsje praat. It is foar ús pubersoan ek aardich om alles nochris opnij te belibjen, mar no mei syn lytse suske derby. Wy dompelje ús hielendal ûnder yn dizze oare wrâld. Silke fernuveret har dat se Sinteklaas tusken de mearkefigueren sjocht.… Lês fierder
Twa kaën
Dit gedicht stiet yn de gedichtebondel In wjukslach tsjin ’e blauwe loft fan Piter Boersma. Dizze bondel komt yn septimber/oktober út by útjouwer Hispel.
TWA KAËN
twa kaën tripkje
troch de keale foartún
pikke yn ’e grûn
se tripkje pikke
twa kaën yn ’e foartún
al tulpeblêden
tripkje en pikke
de grize achterhollen
tsjin de swarte grûn
twa kaën pikkend
de grize achterhollen
dan wer tripkjend
in spantsje kaën
even yn it foartúntsje
fleane alwer op… Lês fierder
… 